Sipelbedriuw Konaxx Onions ut Sint-Jabik is dwaande mei in nije start. Begjin jannewaris waard bekend dat it bedriuw troch de Russyske boykot op de ynfier fan grienten en fruit yn swiere finansjele problemen siet. Doe binne alle aktiviteiten fan it bedriuw stilset. Sa’n 60-70 prosint fan de ofset gong nammentlik nei Ruslan ta.

Konaxx ferpakt en eksportearret sipels, woartels en biten. Nije wike rolje de earste sipels by it bedriuw wer fan de baan. De direkteur tinkt dat it noch in skoft duorret foar’t it bedriuw nei Ruslan eksportearret.

Foar 10 fan de 12 meiwurkers is der no wer wurk. De twa meiwurkers dy’t gjin wurk mear hawwe by it sipelbedriuw, hawwe gjin dien krigen, mar binne yn goed oerlis mei it bedriuw fuortgien.